Lansearring nije webside Gem

Goed nijs: Gem krijt in eigen webside! Dêrmei komt alles wat der om Gem hinne bart byinoar op ien online plak.
En ek komme de earste oanmeldingen binnen foar de taart-foar-sertifikaat-challenge. Benijd wêr't dit oer giet? Lês gau fierder hjirûnder.
Oant no ta hie Gem gjin sintraal plak dêr't gemeenten en oare belangstellenden maklik ynformaasje fine koene. Ynformaasje wie ferspraat, dreech tagonklik en dêrtroch net maklik te finen.
Op 9 july lansearje wy dêrom de nije Gem-webside tidens de Gem Kwartaalupdate. Op dizze webside fynsto ynkoarten:
- Ynformaasje oer wat Gem is en wat it biedt
- De lêste ûntwikkelingen en nijsupdates oer Gem
- Ynformaasje oer hoe'tsto as gemeente oanslute en meidwaan kinst mei Gem
Nei de simmer wurdt de side fierder útwreide, ûnder oaren mei de mooglikheid om dy foar de nijsbrief oan en ôf te melden.
Mei de nije webside krije wy no ien sintraal plak foar álles om Gem hinne. Dat is wichtich fanwege ús ambysje om de Gem-mienskip te stypjen om no te opskaljen. Want ús doel is om hieltyd mear gemeenten fan Gem profitearje te litten, om't it mei-inoar better wurket!
Taart foar sertifikaat!

Earder melden wy dat wy de earste trije gemeenten dy't Gem mei sukses digitaal tagonklik én sertifisearre live bringe, traktearje op in grutte taart.
Net allinnich omdat sy de earsten binne, mar foaral omdat sy sjen litte dat ynklusive tsjinstferliening yn de praktyk mooglik is.
De earste gemeenten hawwe har al meld. En do kinst noch meidwaan!