Gem yn meardere talen?

Hoe soargje wy derfoar dat ek ynwenners dy't gjin Nederlânsk sprekke Gem brûke kinne?
Meartaligens fan Gem
De oerheid wol dat elkenien meidwaan kin yn de digitale maatskippij. Dêrom is it wichtich dat Gem wurket yn ferskate talen - lykas Ingelsk, Arabysk en Frysk. Want net elkenien sprekt Nederlânsk. Frysk is sels in offisjele taal yn Nederlân. As ynwenners Gem brûke kinne yn harren eigen taal, wurdt de assistint foar folle mear minsken brûkber.
Gem is no yn it Nederlânsk. Wannear't ien in fraach stelt yn it Ingelsk, antwurdet Gem yn it Ingelsk dat de chatbot allinnich Nederlânsk sprekt en ferwiist Gem de ynwenner troch nei in meiwurker.
Gemeente Eindhoven fierde yn 2024 in pilot út mei automatyske oersetting fia DeepL. Sa gau't Gem in oare taal werkende, krige de ynwenner de kar foar in automatyske oersetting. De pilot liet sjen dat meartaligens fierder giet as allinnich oersette. Fragen yn in oare taal hawwe faak in oare kontekst as yn it Nederlânsk. Dêrom is ekstra útlis nedich, bygelyks oer gemeentlike produkten of tsjinsten.

Wat sille wy dwaan?
Yn Q2 wurkje wy meartaligens fierder út foar Gem. Wy bouwe fierder op de ynsjoggen út de pilot fan gemeente Eindhoven, en rjochtsje ús op it oanbieden fan Ingelske petearen en it oanbieden fan meardere talen njonken inoar. Tagelyk bliuwe kwaliteit, antwurdkontrôle en digitale tagonklikheid wichtige betingsten binnen de fierdere ûntwikkeling fan Gem. Sa wurkje wy stap foar stap oan meartaligens dy't betrouber en ferantwurde yn Gem ynset wurde kin.