Primeur: lansearring GPT-NL foar Gem

Primeur: lansearring GPT-NL foar Gem

Op 20 febrewaris is GPT-NL, in generative AI-taalmodel fan Nederlânske boaiem, ynstallearre op de AI-masine fan ICTU foar praktykproeven mei de firtuele gemeenteassistint Gem. ICTU is dêrmei de earste organisaasje dy't GPT-NL yn in testopstelling brûkt, yn gearwurking mei 27 gemeenten en TNO.

GPT-NL is yn 2025 traind troch TNO, NFI en SURF op superkompjûter Snellius. It model ûnderskiedt him troch transparânsje, ferantwurde gegevensgebrûk en training mei allinnich rjochtmjittich krigen ynhâld. Foar dizze oanpak krige it de Nederlânske Privacy Award.

De kommende tiid teste wy GPT-NL foar ynset yn Gem, mei as doel de tsjinstferliening te ferbetterjen en effisjinter te meitsjen. De tests wurde finansiere troch BZK (ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes) binnen de Nederlânske Digitaliseringsstrategy. By sukses kin Gem lanlik opskaald wurde.

Do kinst hjir online mear oer lêze op: GPT-NL, TNO, ICTU en Digitale Overheid (allegearre yn it Nederlânsk)

← Nijs