Iepeningstiden fine en ôfspraken meitsje

Lestich foar generative AI?
“Binne jimme moarn iepen?” en “Kin ik in ôfspraak meitsje foar takomme wike tongersdei?” Dit lykje ienfâldige fragen, mar de ôfhanneling is fernuverjend kompleks.
Generative AI kin helpe, mar wit net samar hokker datum it hjoed is, wat ‘takomme wike tongersdei’ betsjut, en kin ek gjin ôfspraak ynplanne yn in gemeentesysteem. Dêrom binne oanfoljende ark, kontrôles en tûke logika nedich.
Dêrom geane wy yn op twa ûnderwerpen dêr't ynwenners by gemeenten tsjinoan rinne: iepeningstiden fine en ôfspraken meitsje.

Trochûntwikkeling Gem
Foar iepeningstiden ferwiist Gem no standert nei de gemeentlike side mei aktuele iepeningstiden. Sûnt koart werkent Gem ek offisjele feestdagen en kin Gem oanjaan dat de gemeente dan sluten is.
Dat is in begjin, mar dit kin noch behelpsumer. Bygelyks troch rekken te hâlden mei ferskate kanalen, tsjinsten en lokaasjes. Dy hawwe faak oare iepeningstiden. Tink oan telefoany, publyksbaaljes, miljeustrjitten, fytsestallingen of parkeargaraazjes. En dat is kompleks. Dat freget wat fan de technyk én fan de webynhâld. It ynhâldsteam fan Gem wurket hjir no oan, sadat Gem dizze fragen aanst goed beantwurdzje kin.
Dêrnjonken wolle wy it meitsjen fan ôfspraken ienfâldiger meitsje. Want ynwenners fiere no meardere sykaksjes út yn in ôfspraaksysteem. En ôfspraakformulieren wurkje faak mei fêste stappen, lykas earst de lokaasje, dan de dei, dan de tiid. Dat kin fleksibeler. Wy ûndersykje dêrom hoe't ynwenners aanst ienfâldich fia Gem sizze kinne: “Ik wol sa gau mooglik in ôfspraak, makket net út wêr” of “Ik kin allinnich op tiisdeitemiddei of tongersdei oant 11 oere.”