Mjitberens fan de antwurdkwaliteit

‘En route’ nei mear mjitbere kwaliteit
Om grip te hâlden op de antwurdkwaliteit fan Gem sjogge wy net nei ien aspekt, mar nei in gearhingjend gehiel fan kritearia. Wy sjogge nei wat der wol yn de antwurden stean moat, mar ek nei wat der krekt net yn thúshearret. Tink bygelyks oan de kritearia:
- Folsleinens – Befettet it antwurd alle eleminten, en ek yn de goede folchoarder?
- Trasearberens – Binne der wurkjende hyperlinks nei betroubere boarnen?
- Saaklikens – Is de toan profesjoneel en behelpsum?
- Brûkberens – Kinsto der daliks mei oan 'e slach?
- Koartens – Stiet der gjin oerstallige ynformaasje yn?
- Begryplikens – Is it taalgebrûk dúdlik en net ûnnedich yngewikkeld?
- Krektens – Kloppe de stavering en de grammatika?
- Feiligens – Befettet it gjin net-winske of risikofolle ynhâld?

Alle kritearia byinoar foarmje it antwurd op de fraach: ‘Wat is de antwurdkwaliteit fan Gem?’
Tûk kombinearje: minske én technyk
Wy kontrolearje dit allegearre foar in grut part mei de hân. En wy benutte ek de meldingen fan ynwenners en krityske ûndersikers oer de antwurden. Mar al dizze kontrôles kostje frij folle tiid. Dêrom automatisearje wy hieltyd mear kontrôles. Sa meitsje wy de kwaliteit skaalber én konsistint.