Grip op antwurdkwaliteit

Studinten meitsje in eksamen oan losse tafeltsjes yn in klaslokaal

Hoe boargesto dat in ynwenner altyd in antwurd krijt dat net allinnich krekt is, mar ek koart en praktysk brûkber?

Alle dagen beantwurdzje gemeenten fragen mei Gem. Klantkontakt- en webteams folgje dat en ferbetterje wêr't nedich de logika en de antwurden. Mei ekstra omtinken foar de meast stelde fragen.

Nei 6 jier is der in soad ûnderfining opboud. De databank telt ûnderwilens hast 4.000 fragen en antwurden. Werkende fragen krije betrouber it goede antwurd. Foar net-werkende of nije fragen stiet gau in meiwurker klear. Sa bliuwt de tsjinstferliening op nivo.

Ynset fan generative AI — AI docht eksamen — Deeglikens stiet foarop

Der is ek krityk (yn it Nederlânsk) op chatbots as der fragen komme dêr't de chatbot gjin goed antwurd op wit. Wy wurkje dêrom oan de ynset fan generative AI yn Gem om dat te ferbetterjen. Dy ynset bliuwt wol in soarchfâldige ôfwaging: wy brûke it allinnich as it de antwurden oantoanber ferbetteret. Wy teste meardere alternativen njonken inoar, wêrûnder GPT-NL, en fergelykje de kwaliteitsferskillen. Dat dogge wy mei help fan praktykrjochte ‘eksamens’, mei foarôf selektearre fragen en byhearrende goede antwurden. En dan sjogge wy hokker model it heechste sifer hat!

Wa mei aanst antwurden jaan oan ynwenners?

Ferskate taalmodellen dogge dêrfoar by Gem in ‘eksamen’. Krekt sa't wy eartiids op skoalle diene!

← Nijs