Gem Haven-compliant

Gem meardere kearen yn it nijs
Ôfrûne wike kaam Gem yn it nijs. iBestuur melde dat ‘chatbots fan gemeenten boartsje mei it fertrouwen fan ynwenners’. Dat frege om in tsjinreaksje fan Gem: ‘Net meidwaan mei chatbots set gemeenten op efterstân’ (beide yn it Nederlânsk).
Gem Haven-compliant
It Gem-team wurke de ôfrûne wiken oan it Haven-compliant meitsjen fan Gem. Dit is in betingst om de hosting fan Gem by ICTU ûnderbringe te kinnen, want dat is de bedoeling.
De Haven-standert beskriuwt hoe't gemeentlike software feilich en standerdisearre yn 'e cloud draaie kin. De standert is ûntwikkele troch gemeenten, as ûnderdiel fan de Common Ground-fisy, en makket gearwurking, skaalberens en it ferhúzjen fan applikaasjes ienfâldiger. Sjoch ek: VNG, Commonground en Wigo4it (yn it Nederlânsk).
De wet fan de remjende foarsprong
Op it earste gesicht liket it nuver dat Gem noch net foldie oan dizze pas-ta-of-lis-út-gemeentestandert. Mar it is logysk ast betinkst dat Gem al goed 6 jier bestiet en de Haven-standert no 4 jier troch gemeenten tapast wurdt.
It goede nijs is dat it no slagge is de software ‘Haven-compliant’ te meitsjen. Dy software bestiet út losse komponinten dy't inoar ynstruksjes jouwe, mar dy't yn 'e cloud net ûnnedich folle rjochten hawwe meie. Dizze ferbettering ferlytset feiligensrisiko's. Ek wurdt de software oanpast om feiligenskwetsberheden te ferhelpen. Dat sil fan no ôf geregeld barre.
It betsjut dat Gem no by ICTU host wurde kin. De planning is om dit foar 9 july te realisearjen. Earst wurdt op 16 april de Gem-administraasje oerdroegen oan de VNG. Dat momint is fuort ek de ôftraap foar de ynrjochting fan de tsjinstferliening by ICTU.