Digitale tagonklikheid by Gem
Ôfrûne wike yn it nijs
GPT-NL op 'e nij yn 'e prizen: GPT-NL wûn earder de Nederlânske Privacy Award, en wûn dizze wike de Nederlânske AI-Award fanwege de bydrage fan GPT-NL oan it AI-ekosysteem.
Gem-ynformaasjesesjes: gemeenten hâlden ynformaasjesesjes oer de ûntwikkeling fan Gem mei generative AI en oer de oergong fan it Gem-administraasjekantoar nei de VNG (Feriening fan Nederlânske Gemeenten).
Digitale tagonklikheid by Gem
De oerheid wol dat elkenien meidwaan kin yn de digitale maatskippij. Dêrom moatte websides en mobile apps fan oerheidsynstânsjes tagonklik wêze foar elkenien, ek foar minsken mei in beheining. Dat is al jierren in wetlike ferplichting (yn it Nederlânsk), mar dat giet noch net oeral goed, en dêrmei wurde ynwenners spitigernôch tekoartdien.
Ek chatbots moatte digitaal tagonklik wêze. ICTU bout dêrom in proefopstelling foar in chatynterface, mei net ien mar trije werjeften: Lyts, Middel en Grut. De lytse werjefte is basearre op de hjoeddeistige werjefte fan Gem. De proefopstelling wurdt no ûnôfhinklik toetst foar in sertifikaat foar digitale tagonklikheid. As it sertifisearre is, komt de software beskikber as open source. Do kinst dan sjen hoe't it wurket en koade oernimme om dyn eigen chatbot digitaal tagonklik te krijen. Dêr kinst ek help by freegje. Let op: dyn webside moat noch wol apart sertifisearre wurde.
Dizze proefopstelling hjit Ynklusive Digitale Assistint, of koartwei IDA. Ast de software brûkst, kiesto sels in namme dy't by dyn organisaasje past. Bygelyks Gem asto fan Gem bist.

Yn it twadde kwartaal wolle wy brûkers mei in beheining de chatynterface teste litte. Wy sille ûnder oaren teste op tagonklikheid, sprekynterface en meartaligens. Hjirfoar sykje wy noch dielnimmers.
